Hoogstra stapt op by LPF

© Omrop Fryslân
Kampanjelieder Bob Hoogstra fan 'e List Pim Fortuyn yn Fryslân hat syn funksje dellein. Hoogstra hat skjin syn nocht fan alle rúzjes yn 'e partij. Ek is hy it der net mei iens dat linkse partijen yndirekt de skuld krije op 'e moard op Pim Fortuyn.
Hoogstra bliuwt foarearst wol lid fan LPF. Hy sil pas wer in funksje op him nimme as it wer rêstich is by LPF.