Fryske Gea foar bou Bullepolder

15 maaie 2002 - 00:00

It Fryske Gea is net langer tsjin bebouwing fan de Bullepolder by Lekkum. De ynwenners fan it doarp fine it ûnbegryplik, want de natoerorganisaasje hat earder mei har striden tsjin de bou.

It Gea seit dat it yn syn algemienheid foar bebouwing by stêden is, om it plattelân te ûntsjen. Boppedat soe der no in buffersône komme tusken de bebouwing en natoergebieten fan it Gea.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)