Kiezers al betiid nei stimburo's

15 maaie 2002 - 00:00

De ferkiezings begjinne op gong te kommen. Fan healwei achten ôf kinne kiezers woansdei har stim útbringe. Om njoggen oere hie fjouwer prosint fan de Friezen dat al dien. Dat is mear as fjouwer jier lyn by de foarige ferkiezings foar de Twadde Keamer.

Yn De Mande yn Tytsjerk lei de stimkompjûter der in skoft út. Der is ûnderwilens in oare masine delset.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)