Plysje jout bern ynsjoch yn wurk

14 maaie 2002 - 00:00

Skoalbern yn Stiens koenen har útwierje. De plysje joech se tiisdei de kâns om op in ME-plysjeman om te huffen en in ME-buske besykje omfier te smiten. De plysje hie de moeting organisearre om de bern sjen te litten hoe't se wurkje.

Ek in doel is de bern te learen om nee te sizzen tsjin fandalisme en drugs. Nei it sjen fan in unifoarm liket guon bern it plysjewurk sels wol aardich ta.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)