Wát in teater set wer útein
De súksesfolle Tryaterfoarstelling Wát in teater giet tiisdei yn Ljouwert wer los. Ek fan 'e nije foarstellings is al mear as 80% fan 'e kaarten fuort. Der binne in tal nije gesichten yn 'e foarstelling: Marijke Geertsma, Lianne Zandstra en Wim van de Laan.
Johnny Kraaijkamp jr. spilet op 'e nij de rol fan regisseur. Wát in teater is oant en mei 8 juny te sjen.