'Provinsje lit ICT-sektor sitte'

© Omrop Fryslân
ICT-bedriuwen lûke út Fryslân wei as de provinsje neat foar de sektor docht. Sa warkôget NOM-direkteur Van Beek. In glêsfezelnetwurk hat mear prioriteit as in flitstrein, sa fynt er.
De NOM skriuwt dat yn in advysrapport oan it Samenwerkingverband NoordNederland. Ekonomyske kearnsônes en bedriuweterreinen moatte sa gau mooglik beskikke oer in ICT-netwurk.