Bumperklever oanhâlden op A6

14 maaie 2002 - 00:00

In man (25) út Bussum is oanhâlden om't er op de A6 in oare automobilist fan 'e dyk riden hie. De frou (48) fan 'e Gordyk helle by Eastersee in frachtwein yn. De Bussumer siet har hiel ticht op de bumper, sa seach se yn de spegels.

De frou koe de wein noch mar krekt ûnder kontrôle hâlde en moast de flechtstripe op. De plysje hâlde de man oan by de rotonde by De Jouwer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)