Plan farrûte nei Grins falt goed

14 maaie 2002 - 00:00

De gemeente Achtkarspelen is posityf oer de alternative farrûte nei Grins. Dy begjint by De Leijen by De Rottefalle. Ald-ûndernimmers Kok en Jonker hawwe de plannen ûntwikkele.

Wethâlder Van der Ploeg fynt it in geweldich inisjatyf, mar neamt it tagelyk ambisjeus. De gemeente sil de plannen no bestudearje. De nije farrûte kostet goed 40 miljoen euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)