Dúdlikens oer ûntslutingswei
De gemeente Dongeradiel wol no dúdlikens fan de provinsje oer de takomst fan de sintrale as. Sy binne benaud dat de oanlis fan de nije dyk ôfhinget fan it wol of net trochgean fan de magneetsweefbaan.
De sintrale as komt tusken Dokkum en de Wâldwei te lizzen en moat Noardeast Fryslân better ûntslute. Der wurdt al jierren oer it projekt praat.