Snits rêden fan degradaasje
Yn de haadklasse C is Snits rêden fan degradaasje. De Snitser fuotballers moasten snein tsjin Be Quick Grins en wûnen mei 2-1.
De rêststân wie 0-1. Yn de twadde helte kaam Snits goed werom mei twa doelpunten. It lêste doelpunt wie in moaie goal fan André Samplonius, dy't fanút in frije traap fan 25 meter ôfstân de bal yn it net skopte.