Vordenaar wint skeelertocht

© Omrop Fryslân
De Alvemarretocht op skeelers yn Bantegea waard sneon wûn troch Arjan Mombarg út Vorden. De skeelerwedstryd fan 75 kilometer wie de earste maraton yn de ynternasjonale Univé topkompetysje. Henry Koers en André Klompmaker waarden twadde en tredde. Haico Bouma wie de bêste Fries.
Oer de 45 km foar de froulju wie Jannitta Spigt de bêste.