Van Amerongen ferstoarn

11 maaie 2002 - 00:00

Yn Amsterdam is haadredakteur Martin van Amerongen fan De Groene Amsterdammer ferstoarn. Van Amerongen begûn syn sjoernalistike karriêre yn 'e jierren 60 yn Fryslân, by de Fryske edysje fan Het Vrije Volk. Van Amerongen hie waarme belangstelling foar it Frysk. Yn 1998 naam er it inisjatyf ta it ferskinen fan dichtwurk fan Heine yn Fryske oersetting.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)