Arrestaasje nei sjitpartij Harns

11 maaie 2002 - 00:00

In man (41) út Harns is juster ferwûne rekke by in sjitparty. It slachtoffer hie spul mei in Berltsumer (37) oer de ferkeap fan in auto. Dat barde op it hiem fan de Harnser oan de Koningsweg.

De Berltsumer skeat op de man en rekke him yn de rêch. De dieder naaide út en is letter op 'e middei oanhâlden by syn hûs yn Berltsum. It slachtoffer leit yn it MCL yn Ljouwert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)