Langwarder pontsje oan wâl?

10 maaie 2002 - 00:00

It fytspontsje by Langwar sil dizze simmer miskien net farre. De gemeente en de grûneigner binne it noch net iens. It pont by restaurant Wâldfennen set simmerdeis sa'n 12.000 minsken oer.

De grûneigner soe in fergoeding krije en de oanlispunten soene oanpakt wurde. De gemeenterie fan Skarsterlân fûn lykwols dat dat te folle koste. Tiisdei moat de rie in útwei fine.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)