Prioriteitelist foar plysje

© Omrop Fryslân
De polityk yn Dongeradiel stelt in list op mei prioriteiten foar de plysje. Uteinlik sille twa punten oanlevere wurde dêr't de plysje ekstra omtinken oan besteegje moat.
Dat is woansdei besletten yn in kommisjegearkomste. Alle jierren wurdt de ried frege om winsken troch te jaan. Neffens it CDA is it lykwols dreech te kontrolearjen wat de plysje wol en net docht.