Keatsen: Berltsum wint fan Snits
Ut in list fan 48 partoeren hat de ôfdieling Berltsum de haadklasse ôfdielingswedstriid yn Tsjommearum wûn. De keatsers Pieter Otte Kingma, Auke van de Graaf en Marten Feenstra wûnen yn de finale fan de ôfdieling Snits mei 5-3 en 6-2.
Foar Snits keatsten Sibbele Lootsma, Jaap Jansma en Jochum Bouma. De tredde priis wie foar Minnertsgea.