Stille tocht Fortuyn yn Grins

© Omrop Fryslân
Ek yn it Noarden wurdt stilstien by it ôfskie fan Pim Fortuyn. Freedtejûn om 7 oere sil in stille tocht organisearre wurde yn Grins om Fortuyn te betinken.
De politikus waard ôfrûne moandei fermoarde yn Hilversum. It hiele lân reagearre ferbjustere op dy 'ûn-Nederlânske' oanslach. Tongersdei namen tûzenen minsken ôfskie fan Fortuyn yn Rotterdam. Freed is de begraffenis.