Einlings wer autocross Wolsum

09 maaie 2002 - 00:00

De autocross yn Wolsum koe einlings wer ris plakfine. It siet Wolsum de lêste tiid net mei. Ferline jier de tongblier en in pear kear ôfgryslik min waar twongen de organisaasje hieltyd de saak ôf te sizzen.

It wurdt foar de organisaasje hieltyd dreger om tastimming fan de gemeente te krijen. Mar tongersdei koe it publyk wer genietsje fan spanning en sensaasje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)