Rjochtsaak yn Portugal ferskood
De rjochtsaak tsjin de twa Frânske fertochten op de moard op it echtpear Hoekstra is ferskood nei ein maaie. De rjochtbank yn Portugal naam dat beslút om't in psychiatrysk rapport te let ferstjoerd wie.
Ferline jier waard it echtpear út Menaam fermoarde. De bern fan de slachtoffers folgje de saak yn Silves.