Op 'e nij prizen foar film Nynke

08 maaie 2002 - 00:00

De film Nynke hat twa prizen wûn op in filmfestival yn Californië. Monic Hendrickx wie neffens de sjuery, dy't 600 films beseach, de bêste aktrise en Paul van den Bos wie de bêste kameraman.

De film fan Pieter Verhoeff oer it libben fan Nynke fan Hichtum, de frou fan Troelstra, krige ferline in Gouden Kalf foar de bêste film. Monic Hendrickx wie doe ek de bêste aktrise.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)