Ferkiezings op 15 maaie
De Twadde Keamer-ferkiezings op 15 maaie geane gewoan troch. Pim Fortuyn, in wiere demokraat, hie dat sa wollen, seit syn eigen Lijst Pim Fortuyn. Demi-sjonêr premier Wim Kok makke dat tiisdeitemiddei bekend.
Nei oerlis mei de belutsen partijen sei Kok dat de demokrasy fansels wol gewoan funksjonearjen bliuwe moat. Alle partijen binne it iens mei it beslút.