Start Petgatten-projekt Feanhoop

© Omrop Fryslân
It Fryske Gea wol by De Feanhoop mear natuer. It Gea hat plannen om fan boeren in pear perselen greidelân te keapjen. As dat slagget, dan wol it Gea mei help fan dizze perselen de beide Petgatten mei inoar ferbine.
Dit hat moandei bliken dien by de oplevering fan it projekt Petgatten De Feanhoop. Der is moandei ek in restaurearre wynmûne opnij yn gebrûk naam.