Haadbaan Fleanbasis bûten gebrûk

06 maaie 2002 - 00:00

De haadbaan fan Fleanbasis Ljouwert is de kommende twa wiken sletten foar reparaasje. Dat is it gefolch fan de crash fan de Italiaanske Starfighter, ferline wike tongersdei.

Fleantugen moatte no gebrûk meitsje fan de saneamde 'sekundêre baan'. Dizze baan is lykwols folle koarter. Omdat strieljagers no in koartere ôfstân ha om te stigen, makket de motor mear lûd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)