Fryske keunstners nei Toulouse

06 maaie 2002 - 00:00

Sûnt in skoft bestiet yn Fryslân de keunstnersgroep Fryxos. De groep bestiet út in tal byldzjend keunstners, dichters en muzikanten dy't ûnder dizze namme aktiviteiten ûndernimme wolle.

Utwikseling mei in groep geastferwante keunstners yn Occitanië stiet dêrby sintraal. Snein 26 maaie sil Fryxos meidwaan oan it 'Forum des langues du monde' yn de Frânske stêd Toulouse.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)