Ljouwerter Sweltsjes degradearre

© Omrop Fryslân
It is de Ljouwerter Sweltsjes net slagge om yn de haadklasse C te bliuwen. Se ferlearen romleas fan de Harkemase Boys mei 6-0 en binne oar jier werom te finen yn de earste klasse.
De Drachtster Boys ha noch al kâns op wer in seizoen yn de haadklasse C. De Drachtsters wûnen út by VVOG mei 1-3. Se ûntrûnen sa direkte degradaasje en spylje neikompetysje.