Ferlies Cambuur
Cambuur hat freedtejûn mei 3-1 ferlern fan Dordrecht '90. Foar de Ljouwerters kaam inkeld Veltman oan skoaren ta. It wie de lêste kompetysjewedstriid. Cambuur is sande wurden.
De ploech fan trener Gert Kruys begjint tiisdei oan de neikompetysje. mei in útwedstriid tsjin RBC. Cambuur sit yn in poule mei RBC, Emmen en nei alle gedachten Den Bosch.