Firusbouwer yn heger berop

© Omrop Fryslân
De Snitser makker fan it Kournikovafirus is yn heger berop gien tsjin de straf dy't er ferline jier krige. Dat hat syn adfokaat bekend makke. De Snitser wol sa foarkomme dat hy in strafblêd krijt. Boppedat soe hy der nea op út west hawwe om skea oan te rjochtsjen. De Snitser krige ferline jier in taakstraf. It heger berop sil nei de simmerfakânsje behannele wurde.