FNP: 'Ympregnearre hout brûkt'
By de oanlis fan de wyk Suderbuorren by Ljouwert binne nei alle gedachten grutte flaters makke. By de bou soe ûnder oare ympregnearre hout brûkt wêze. De FNP hat fragen hjiroer steld oan B&W.
As it hout yn Suderbuorren ympregnearre is mei wolmansâlt, dan befettet it de giftige stoffen koper, groom en mooglik ek arseen. Dit levert in gefaar op foar de folkssûnens.