Plan jachthaven Koatstertille

© Omrop Fryslân
Meikoarten wurdt dúdlik oft it jachthavenkompleks by Koatstertille troch giet. De gemeente Achtkarspelen hat ûntwikkelder Arnijvast te kennen jûn op syn lêst 1 augustus mei in projektoerienkomst te kommen.
Is de oerienkomst der dan net, dan wurdt de jachthaven definityf ôfblaasd. Oer it plan, dat 14 oant 18 miljoen euro kostje moat, wurdt al jierren praat.