Skriuwkursus Frysk op Skylge

02 maaie 2002 - 00:00

Fyftjin bern folgje yn de maaiefakânsje in skriuwkursus Frysk op de folkshegeskoalle op Skylge. De skriuwwike is op fersyk fan âlden organisearre foar bern fan sân oant alve jier. De âlden woene dat om't er op skoallen net folle omtinken is foar it Frysk.

De bern krije moarns les en meie middeis boartsje of nifelje. Oan de ein fan 'e wike moatte se Frysk skriuwe kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)