Frysk boek nominearre Jonge Jury

© Omrop Fryslân
'Wachten op Apollo' fan Lida Dykstra is nominearre foar de Jonge Jury 2003. It boek is de Nederlânske oersetting fan 'Wolken fan wolken'. De sjuery is in publykspriis foar it bêste jongereinboek. Bern tusken de 12 en 16 jier kinne har stim útbringe. Dit jier binne 5000 stimmen útbrocht.
De priis wurdt 2 april 2003 bekend makke. Saakkundigen keazen 15 titels út.