Twa fiskstreupers oppakt

30 apr 2002 - 00:00

Twa fiskstreupers út Warkum binne moandei by Lollum oanhâlden. De plysje kontrolearre har auto. Doe't de mannen gjin help hoegden, fertrouden de plysjemannen dat net. Se besleaten de twa yn de gaten te hâlden.

Eefkes letter hâlden se de mannen op 'e nij oan. It die bliken dat se trije fûken, mei ien iel, yn de auto hienen. Der is tsjin har proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)