Frysk byld op Floriade stikken
It byld fan de Fryske keunstner Auke de Vries is troch de wyn skansearre. It byld stiet op de Floriade op in heuvel fan fjirtich meter heech. It keunstwurk soe oer wynpûsters kinne moatte.
De oannimmer docht ûndersyk nei hoe't it komt dat it byld dochs stikken is. It is noch ûnwis oft it byld yn oarspronklike steat werombrocht wurdt. Ek oer de kosten is noch gjin dúdlikheid.