Lokomotyf past net yn museum

29 apr 2002 - 00:00

De nijste oanwinst fan it Modelspoarmuseum yn Snits past net yn it museum. De lokomotyf is goed twa meter lang en is dêrmei it grutste model út de kolleksje. It model fan de 'Staatsspoorloc 1326' stiet no yn de V&D yn Snits.

De lokomotyf mei de bynamme 'Grutte Griene' luts eartiids goederenwagons en ried oant de Twadde Wrâldoarloch nei Dútslân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)