Frijwilligers socht yn Aldeboarn
De Oranjeferiening fan Aldeboarn wol yn gearwurking mei de iisklub in nij gebou delsette oan it iisbaanterrein. De feriening organisearret dit jier foar de 58e kear de gondelfeart. It nije gebou is bedoeld foar gearkomsten en opslach fan materiaal. Kosten wurde rûsd op 56.000 euro. Om de kosten te drukken wurde der frijwilligers út it doarp socht om te helpen mei de bou.