Bedriuwsresultaat NDC 13 miljoen

© Omrop Fryslân
De Noordelijke Dagblad Combinatie hat it jier 2001 ôfsluten mei in bedriuwresultaat fan hast 13 miljoen euro. Dat is in bytsje minder yn ferliking mei it jier 2000, mar dat kin ferklearre wurde troch de fúzje fan de deiblêden yn Grinslân en Drinte yn it Dagblad van het Noorden.
Foar dy nije krante wie in grutte ynvestearring nedich. Sûnt 11 septimber wiene der ek minder advertinsjes.