Roeisloep yn swierrichheden

29 apr 2002 - 00:00

In roeisloep út Grou is ôfrûne wykein yn swierrichheden rekke op 'e Waadsee. De acht bemanningsleden wiene yn trening foar de HT-race fan Harns nei Skylge. Se wiene de haven fan Harns útfearn, mar hiene har fersjoen op de springfloed en de wyn.

Fia de haventsjinst waard de rêdingsmaatskippij ynskeakele. De manlju binne dêrnei oppikt troch de rêdingsboat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)