1 maaie: nasjonale feestdei?

28 apr 2002 - 00:00

In soad Friezen fiele wol wat foar it ynfieren fan 1 maaie as nasjonale feestdei yn Nederlân. Dat sizze de Jonge Soasjalisten, op grûn fan in koarte enkête dy't de jongereinorganisaasje fan de PvdA sneon hâlden hat yn Ljouwert.

1 maaie, de dei fan de arbeid, is yn in soad lannen al in nasjonale feestdei. 72 persint fan de ûnderfrege minsken sei de betsjutting fan 1 maaie te kinnen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)