Brânwachtoefening yn Ljouwert
De brânwacht Fryslân krijt njoggen helpferlieningsweinen dy't spesjaal ynset wurde by dregere ûngemakken. Op it stuit wurdt dat noch dien mei gewoane brânwachtauto's. It wurk wurdt lykwols hieltyd spesjalistysker.
Freedtejûn hâlden twa korpsen in oefening yn Ljouwert om ferskate nije materialen, lyk as pakken en lampen, te testen.