Ljouwert hat wethâlder te min
Boargemaster De Boer fan Ljouwert fynt it spitich dat it nije kolleezje mar fiif wethâlders telt. Ien ekstra derby hie better west. It nije kolleezje is freed presintearre.
Ljouwert hat hast gjin jild foar nij belied en dêrom moat der besunige wurde. Sa moat de gemeentlike organisaasje 2,2 miljoen euro besparje. Ek giet de ôffalstofheffing omheech.