Fûgelhutte iepene by Skrok

26 apr 2002 - 00:00

It greidefûgelreservaat Skrok by Wommels hat sûnt freed in fûgelhutte. Dêr út wei kinne minsken de fûgels op de ôfgroeven terp fan Swyns goed besjen.

Yn it reservaat is ek in fytspaad oanlein, op de rûte fan it eardere tsjerkepaad tusken Skrok en Wommels. It paad hat kultuerhistoaryske wearde en koe oanlein wurde mei Europeeske subsydzjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)