Jeugdherberch Skylge weriepene

26 apr 2002 - 00:00

De jeugdherberch op Skylge is tongersdei nei in yngripende ferbouwing weriepene. Der is in kompleet nije fleugel bykaam en de herberch hat no 35 keamers.

Dizze binne allegear omboud ta twa-, fjouwer- en seispersoans keamers mei eigen sanitêr. Ek it restaurant is útwreide. Alle jierren komme der sa'n 23.000 besikers yn de Skylger jeugdherberch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)