Automatysk tsiisfabryk 't Fean

© Omrop Fryslân
Op It Hearrenfean hurd wurke oan in folautomatyske tsiisfabryk. It giet om in miljoene-ynvestering fan Henri Willig út Katwoude (NH).
Meikoarten moatte dêr Headammer tsizen fan 'e bân rôlje. Dy waarden earder yn Aldegea makke troch Jan Craens. Willig hat de produksje fan him oernommen. Ek de bekende kleur pears is werom te finen yn it nije gebou op It Fean.