Nije stedsbussen yn Ljouwert
Arriva rydt yn Ljouwert fan tongersdei ôf mei nije stedsbussen. It ferfiersbedriuw set de saneamde Wrightbus yn op de sternetlinen 1 oant en mei 8. De bussen binne tolve meter lang.
Op de linen fan Servicenet ride lyksoartige nije bussen, mar dy binne twa meter koarter. De nije bussen komme yn it plak fan de Denis-bussen. Dy wiene tydlik liend fan Súdeast-Fryslân.