Wa sjongt mei Piter Wilkens?

Piter Wilkens en band Freex
Omrop Fryslân organisearret tegearre mei Piter Wilkens in wedstriid foar dejinge dy't it moaiste in nûmer fan Piter Wilkens sjongt. Dit wurdt organisearre yn it ramt fan it 25-jierrich artystejubileum fan de Fryske trûbadoer. De winner mei tegearre mei Piter dat nûmer sjonge op it Befrijingsfestival yn Ljouwert.
Piter Wilkens is yn 1987 begongen yn de band Okke Hel. Yn 1993 ferskynde syn earste solo-cd "Sjongersbloed", yn 2010 wie de cd mei nûmers fan Cornelis Vreeswijk de lêste.
Yn it ramt fan it jubileum wurdt in sammel-cd útbrocht ûnder de titel "Bêst genôch". Minsken dy't meidwaan wolle oan de wedstriid moatte har foar 31 maart oanmelde fia de mail op nw@omropfryslan.nl.