Flyhors dit jier noch skjin
De Flyhors op Flylân wurdt dit jier noch skjinmakke. It ministearje fan definsje hat tiisdei bekend makke dat yn septimber begûn wurdt om it militêr oefenterrein te sanearjen.
De boaiem is slim fersmoarge mei oalje, metalen en resten fan napalmbommen. It skjinmeitsjen duorret neffens ferwachting seis wiken.