Telefoansteuring UPC is oer

23 apr 2002 - 00:00

De telefoansteuring by UPC wie tiisdeitemiddei ferholpen. Troch in probleem mei de software koenen UPC-klanten yn Fryslân en Flevolân hast twa dagen net belje. Partikulieren krije it abonnemintsjild foar dy perioade werom.

Foar bedriuwen komt in oare regeling. De gemeente It Hearrenfean tinkt der oer in skeaclaim yn te tsjinjen. Mooglik docht de plysje dat ek.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)