Fjildwurksintrum by IPC-dier

© Omrop Fryslân
Deputearre Bijman iepenet tiisdei in fjildwurksintrum by IPC-dier yn Oentsjerk. It is bedoeld foar skoallen om bern fan 9 oant 14 jier mear by de natuer te belûken.
Yn it sintrum is in útstallingsromte mei ûnder oare opsette bisten. Ek geane minsken mei groepen bern it fjild yn om planten en beestjes te determinearjen, lykas beamskors en ûleballen.