Kartografypriis foar Fryslân

© Omrop Fryslân
De provinsje Fryslân hat de Kartografypriis 2001 krigen. De Nederlandse Vereniging voor Kartografie fynt dat de provinsje in dúdlike risikokaart makke hat.
Op de kaart dy't op de website fan de provinsje stiet, steane alle gefaarlike bedriuwen en risikofolle situaasjes yn Fryslân. De kaart soe net allinnich dúdlik wêze mar ek ienfâldich te brûken.