Oefenterrein Flyhors fersmoarge

22 apr 2002 - 00:00

In part fan it militêr oefenterrein de Flyhors op Flylân is sa fersmoarge dat de grûn noch dit jier saneard wurde moat. Dat fynt de Waadferiening. Soks soe bliken dwaan út in ûndersyk dat yn opdracht fan definsje sels dien is.

De fersmoarging leit oan de noardeast- kant fan de observaasjetoer en is feroarsake troch oefenings mei napalm- bommen yn de jierren '60.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)